It Polytburo fan 7 maart 2017 18:45

    Gast yn It Polytburo is Max Aardema. De Drachtster plysje stiet 25e op de list fan de PVV. No fart de Fryske steatefraksje fan de PVV in ridlik ûnôfhinkelike koers, de islam-diskusje spilet hjir eins gjin rôl. Dat kin foar Aardema, as hy aanst yn de Twadde Keamer komt, wolris hiel oars wurde. Hoe sjocht hy dat? Makket er him soargen oer de izeren fraksjedissipline dy't partijlieder Geert Wilders syn meistanners opleit?

    It Polytburo

    Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
    Presintaasje: 
    Andries Bakker & Eric Ennema
    (advertinsje)