It Polytburo fan 7 jannewaris 2019 17:45

Hy wie de iennichste FNP-boargemaster, Gerben Gerbrandy, yn Achtkarspelen, en dy gemeente bliuwt bysûnder, want Gerbrandy's opfolger is de partijleaze Oebele Brouwer. Gerbrandy makket him yntusken op foar it lidmaatskip fan de Earste Keamer. Wat siket hy dêr? En wat ferwachtet Gerbrandy fan de provinsjale ferkiezingen mei "syn" FNP? Fansels sjogge we ek noch even werom op syn boargemasterstiid, hjoed begjint er oan syn lêste wike.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)