It Polytburo fan 7 febrewaris 2017 18:45

Ferd Crone is jûn te gast yn It Polytburo. Crone is fansels al jierren boargemaster yn Ljouwert, mar siet dêrfoar trettjin jier lang foar de PvdA yn de Twadde Keamer. Mei him sille we it ha oer de ferkiezingskampanje, de (grimmige) toan dêrfan, en we sjogge foarút nei it Noardlike Listlûkersdebat, dat moarn yn Grins hâlden wurdt. Wat ferwachtet Crone dêrfan? En wat is eins überhaupt de wearde fan sa'n debat?

De cartoon is fansels wer fan de hân fan Gerco van Beek.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)