It Polytburo fan 6 maaie 2019 17:45

In protte Fryske gemeente liede de needklok: miljoenen komme se tekoart, troch de jeuchdsoarch. De oerheveling fan dy soarch, fan it ryk nei de lokale oerheden, bringt de gemeenten yn grutte problemen. Ien sa'n gemeente is Súdwest-Fryslân. Dêr is it tekoart oprûn oant sawat 4 miljoen euro. Andries Bakker en Eric Ennema prate mei ferantwurdelik wethâlder Mark de Man (VVD). Werom seagen de gemeenten  dizze problemen net oankommen? 

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)