It Polytburo fan 6 juny 2017 18:45

D66 is himsels yn koarte tiid in machtsfaktor fan belang yn de Nederlânske polityk wurden. Dat sjogge we lanlik: by de formaasje fan in nije regearing ha se it meidwaan fan de ChristenUnie feitlik tsjinhâlden en ha se der foar soarge dat GroenLinks mooglik wer meipraat. Ek yn Fryslân wurdt mei de kommende weryndielingsferkiezings yn in tal gemeenten yn novimber mei in soad belangstelling sjoen nei hoe't de partij it docht. Hilde Tjeerdema is fraksjefoarsitter fan D66 yn Ljouwert. Hoe sjocht sy nei de posysje fan har partij? Hoefolle wetter moat D66 by de wyn dwaan om yn de nije regearing te kommen? En is sysels wethâldersmateriaal yn in nij Ljouwerter kolleezje?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)