Noch even en der hâlde wer in pear Fryske gemeenten op te bestean. Ien dêrfan is Ferwerderadiel, mei Dongeradiel en Kollumerlân wurdt dat aanst Noardeast-Fryslân. De boargemaster fan Ferwerderadiel is miskien wol de meast ûnbekende boargemaster fan Fryslân: Wil van den Berg (CDA). Hoe kin dat eins? En hoe slim fynt er dat eins? Wil van den Berg is jûn te gast yn It Polytburo.
Op 1 jannewaris giet #Ferwerderadiel op yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân. Mei boargemaster Wil van den Berg sjogge we yn @ItPolytburo werom op de hichte- en djiptepunten van de gemeente. pic.twitter.com/onHD5icrn4
— Omrop Fryslân (@OmropFryslan) 5 november 2018