It Polytburo fan 5 maart 2021 17:20

In grut tal lanlike listlûkers sit dizze wiken oan 'e tafel by presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema yn in ekstra lange edysje fan It Polytburo, it politike programma fan Omrop Fryslân.

Yn de rige ynterviews mei listlûkers is freed 5 maart Gert Jan Segers fan de Christen Unie te gast. As eardere Ljouwerter hat Segers wol wat mei Fryslân, mar wat binne de plannen foar ús provinsje? En hoe hurd kloppet syn hert foar it Frysk?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle freeds in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(Advertinsje)