It Polytburo fan 5 maart 2018 18:45

    Sil yn Fryslân ea wer aaisocht wurde? Of is it oanbieden fan it earste ljipaai oan de kommissaris fan de Kening in ritueel dat byskreaun wurde kin yn it boek fan ferdwûne tradysjes? As it oan FNP-deputearre Johannes Kramer leit, is dat net sa, mar hoe realistysk is dat? Andries Bakker en Eric Ennema ûntfange Kramer jûn yn It Polytburo. En sil de deputearre temjitte komme oan de beswieren fan reizgers, dy't protestearje tsjin it feit dat de bus op guon linen net mear yn harren doarpen komt?

    It Polytburo

    Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
    Presintaasje: 
    Andries Bakker & Eric Ennema
    (advertinsje)