It Polytburo fan 5 febrewaris 2018 18:45

It sil der nije wike om spanne, yn de Earste Keamer: hellet de orgaan-donaasjewet fan D66 it? Ien dei fan debat wie net genôch, moarn prate de senatoaren der fierder oer. In sintrale rol liket weilein foar Hindrik ten Hoeve, Earste Keamerlid fan de OSF. By in slim ferdielde senaat kin de stim fan de Stienzer senator wolris de trochslach jaan. Mar is Ten Hoeve der al út? 

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)