It Polytburo is werom! It politike programma fan Omrop Fryslân is tenei op moandei te sjen. Us earste gast jûn is deputearre Sander de Rouwe. De formaasje fan it nije kabinet duorret lang. De ferwachting is dat der net foar de ein fan septimber in regearakkoart op tafel leit. Wat betsjut dat foar de winskelist dy't de provinsje Fryslân yntsjinne hat? Binne der saken dy't op 'e lange baan skood wurde? En wat ferwachtet De Rouwe fan it nije kabinet fan VVD, CDA, D66 en de ChristenUnie?