It Polytburo fan 4 oktober 2016 18:45

Boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân is jûn te gast yn It Polytburo. Mei him sille we it ha oer weryndieling. Guon gemeenten yn Fryslân binne grut (Ljouwert, Súdwest-Fryslân), mar oaren (Harns, Dantumadiel) bliuwe efter. Dat fynt Apotheker in "ongewenste" sitewaasje. Ek it opgean fan Fryslân yn in noardlik lânsdiel -it plan fan syn eigen D66- wiist er fan de hân.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)