It Polytburo fan 4 novimber 2019 17:30

Se wie steate- èn riedslid foar de VVD, in partij dy't de rêch takearde, mar se is foaral bekind as foarfrou fan de protestearjende boeren: Nynke Koopmans. Yn it Provinsjehûs helle se okkerdeis har earste súkses, en de Fryske fiktoarje yn it stikstofferhaal krige hjir en dêr lanlike neifolging. Op gemeentlik nivo rint it allegear wat minder maklik. As lid fan de opposysje yn de gemeente Tytsjerksteradiel stapte se ferline wike op. Dêrmei protestearre se tsjin de yn har eagen ûnbegryplike begrutting. Mar wat hellet soks eins út?

Reden genôch foar Andries Bakker en Eric Ennema om Nynke Koopmans 's oan de tosk te fielen, yn It Polytburo. Oan de ein fan it programma fansels wer de "live"-cartoon fan Gerco van Beek.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)