It Polytburo fan 4 maart 2021 17:30

Yn de rige ynterviews mei listlûkers is tongersdei 4 maart VVD-einbaas Mark Rutte te gast yn It Polytburo. Al tsien jier is er premier, allinne Ruud Lubbers wie dat langer. Wat wol Rutte mei Fryslân? Wat hát Rutte mei Fryslân? Andries Bakker en Eric Ennema prate mei him oer saken as de Lelyline, krimp en lânbou. En - der falt net oan te ûntkommen - oer corona.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle freeds in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(Advertinsje)