It Polytburo fan 4 maart 2019 17:45

Yn it geweld fan de provinsjale ferkiezingen driigje de wetterskippen wat ûnder te snijen. Dat is op himsels net ûnlogysk, de measte minsken ha gjin flau idee wat dy wetterskippen krekt dogge. Tieneke Clevering is jûn te gast yn It Polytburo, fanút D66 sit sy yn it Algemien Bestjoer fan it wetterskip yn de fraksje fan Water Natuurlijk Fryslân. Werom wol in 25-jierrige frou eins yn it wetterskip? En werom soenen we oan dizze ferkiezingen meidwaan?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)