It Polytburo fan 4 febrewaris 2019 17:45

Op 20 maart binne de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten. Dêr dogge partijen oan mei dy't no al yn de steaten sitte, partijen dy't dêr  noch noait in sit yn hân ha, èn partijen dy't in comeback meitsje wolle. Sa'n partij is Provinsjaal Belang Fryslân, in kollektyf fan gemeentebelangen. Listlûker is Rinus Buising fan Twizel, hij is jûn te gast yn It Polytburo. Werom soe syn comeback no wol slagje? En wêr wol hij syn stimmen weihelje?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)