It Polytburo fan 30 septimber 2019 17:35

Moarn hâldt er op mei syn politike wurk yn Fryslân: SP'er Jos van der Horst. Riedslid en sels wethâlder yn Smellingerlân, de -opnij- sa roerige gemeente. Hoe sjocht Van der Horst werom op syn politike karriêre? En werom woe de SP noait ècht trochbrekke yn Fryslân? 

Andries Bakker en Eric Ennema fiele Jos van der Horst oan de tosk, en oan de ein fan It Polytburo is der wer in "live" cartoon fan Gerco van Beek.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)