It Polytburo fan 30 oktober 2017 18:45

    Cees van Mourik, de nagelnije foarsitter fan de FNP, is jûn te gast yn It Polytburo. Mei him sjogge Andries Bakker en Eric Ennema nei de gebeurtenissen yn Kataloanje. Hoe sjocht Van Mourik nei de ûnôfhinklikheid yn dizze Spaanske regio, dy't oer alle boegen liket te mislearjen? En wat betsjut dat foar de FNP en har stribjen nei mear selssstannigens? Ek sille we it ha oer de kommende riedsferkiezings yn Fryslân. De FNP wol yn it gat dûke dat de PvdA -mooglik- iepenlit. Earder sei Van Mourik al dat syn partij de kommende twa jier groeie moat, oars stapt er op. Wurdt de FNP de grutste partij fan Fryslân?

    It Polytburo

    Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
    Presintaasje: 
    Andries Bakker & Eric Ennema
    (advertinsje)