It Polytburo fan 30 maaie 2017 18:45

    De druk op de PvdA om dan dochs yn elk gefal mei te praten oer in nij kabinet nimt per dei ta. De partij belibbe by de Keamerferkiezings yn maart in histoarysk ferlies, en wol it leafst syn wûnen hielje yn de opposysje. Mar dat stânpunt liket kwalik mear hâldber, no't alle besykjen fan ynformateur Edith Schippers op neat útrûn is. Har opfolger, Herman Tjeenk Willink (PvdA), sil de druk op de sosjaal-demokraten nei alle gedachten opfiere.
    Hoe lang moat de PvdA syn poat stiifhâlde? En werom? Andries Bakker en Eric Ennema prate dêr jûn oer mei PvdA-Steatelid Hetty Janssen.

    It Polytburo

    Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
    Presintaasje: 
    Andries Bakker & Eric Ennema
    (advertinsje)