It Polytburo fan 30 april 2018 18:45

Foar it earst yn jierren docht it CDA yn Dantumadiel net mei yn it nije kolleezje. En dat is wol opmerklik: de partij is noch altyd de grutste en wûn sels stimmen. Wat gie der eins mis? Dêroer prate Andries Bakker en Eric Ennema mei CDA-foaroanman Jan Jitse Visser. Hoe soer binne de druven foar de man dy't wethâlder wurde soe?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)