Tolve jier wie er boargemaster fan Ljouwert, Ferd Crone. De haadstêd hie in ûnrêstige tiid achter de rêch, kwa earste boargers, Loekie van Maaren wie gjin súkses, en ek Geert Dales bleau mar koart. Crone wie wat "standvastiger", en makke himsels ta in populêre boargemaster. No makket er de oerstap nei de Earste Keamer, syn PvdA hat him op it tredde plak set. Andries Bakker en Eric Ennema sjogge mei Crone werom op syn tiid yn Ljouwert. Wat is slagge, en wat nèt? En wat wol er yn de Senaat berikke?
Jûn is boargemaster @CroneFerd te gast yn @ItPolytburo. We sjogge werom op syn jierren yn Ljouwert. Wat is slagge, en wat nèt? #Sjen #Kijken pic.twitter.com/kjvdw2BEi8
— Omrop Fryslân (@OmropFryslan) 3 december 2018