"Fryslân sels oan it roer!" Mei dy striidgjalp giet de FNP de ferkiezingen yn. Mear selsstannigens foar Fryslân, om sa net allinnich der foar te soargjen dat it goed giet mei de Friezen sels, mar ek fan de rest fan ús lân. Mar wolle de Friezen dat wol, mear autonomy? Andries Bakker en Eric Ennema prate jûn mei Sybren Posthumus, oer âlde idealen dy't wer ôfstoft wurde. Oan de ein fan it ynterview fansels wer de "live"-cartoon fan Gerco van Beek.
Jûn yn @ItPolytburo: steatelid @sybrenposthumus fan @fnpfryslan oer mear autonomy foar Fryslân. Wêrom fynt de partij dat in goed idee? #Sjen #Kijken pic.twitter.com/MNLUKmuN3Q
— Omrop Fryslân (@OmropFryslan) 29 oktober 2018