It Polytburo fan 29 jannewaris 2018 18:45

De PVV docht by de gemeenteriedsferkiezingen yn mar ien gemeente yn Fryslân mei, yn Achtkarspelen. Mar mocht de partij it yn maart like goed dwaan as by de lanlike ferkiezingen fan foarich jier, dan wurde se twadde. It CDA, de grutste yn Achtkarspelen, hat al sein dat se net yn in kolleezje mei de PVV stappe sille. Yn It Polytburo leit listlûker Jouke Spoelstra jûn út hoe't syn partij ta dat stânpunt kommen is. Hoe demokratysk is soks eins? Sette je sa net in hiele groep kiezers oan 'e kant?

Share this page on:

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)