It Polytburo fan 29 april 2019 17:45

Se soe samar de twadde Fryske Europarlemintariër wurde kinne: Anja Haga fan de ChristenUnie. Nei Jan Huitema (VVD) is se de twadde dy't foar de Fryske belangen opkomme wol, want dat wol se. Mar hoe dan? En wol se dat it Forum voor Democratie de gearwurking mei har partij oangiet yn it Europeeske Parlemint? Andries Bakker en Eric Ennema prate yn It Polytburo mei Anja Haga. En hoe giet it mei har plastik-frije libben?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)