It Polytburo fan 28 oktober 2019 17:30

It is mar in lytse partij, yn Fryslân, de Partij voor de Dieren. Ien sit yn Provinsjale Steaten, en ien yn in gemeenteried, dy fan Ljouwert. Likegoed litte se fan har hearre. Werom moasten de klimaatdemonstranten yn Ljouwert okkerdeis oan de kant foar de boeren, wol de PvdD witte. Werom moast in kreas oankundige demonstraasje har rûte ferlizze foar in stoet trekkers, dy't ek nochris har gelyk krigen? Caroline de Groot fan de Partij voor de Dieren yn Ljouwert stelt de fragen oan B en W fan de Fryske haadstêd, mar Andries Bakker en Eric Ennema ha ek wol wat fragen foar har. Wat is der bijgelyks yn har partij allegear oan de hân?

It Polytburo is it wyklikse politike programma fan Omrop Fryslân. Alle moandeis wurdt in Fryske politikus skerp befrege. Oan de ein fan it petear is in "live" tekene cartoon te sjen, makke troch Gerco van Beek út Ljouwert.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)