It Polytburo fan 28 maaie 2018 18:45

It plan fan de opposysje yn Provinsjale Steaten foar it feangreidegebiet hat it net helle. Neffens it plan soe it grûnwetterpeil yn grutte dielen fan Fryslân omheech moatte, om sa de ferskraling fan it lânskip tsjin te gean. In tige yngripend plan, in djoer plan ek, mar neffens de yntsjinners absolút needsaaklik. It kolleezje (CDA, VVD, FNP en SP) wize it plan ôf. Yn It Polytburo sil FNP-fraksjefoarsitter Corlienke de Jong útlizze werom't sy dit plan te fier gean fynt. De FNP is ommers foarstanner fan biodiversiteit -en nei it minne nijs oer de greidefûgelstân fan dit wykein is wol dúdlik hoe grut it probleem is.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)