It liket der op dat er syn taaiste klus mei súkses ôfsletten hat: de nijbou fan it Cambuurstadion. En dat wie flak foardat er ophâlde as wethâlder, Henk Deinum, ferline wike naam er ôfskied fan "syn" Ljouwert. Yn It Polytburo sjogge Andries Bakker en Eric Ennema werom op in tubulinte politike karrière. En moast er werklik syn wethâldersskip der oan jaan omt syn frou, Jannewietske de Vries, boargemaster fan Súdwest-Fryslân waard?