It Polytburo fan 28 febrewaris 2020 17:30

"Smellingerlân stiet bekend as de bûnte hûn". De krityk fan ferkenner Ton Baas wie net mals, dizze wike, "wantrouwen is de politiek mores geworden". Neffens Baas moat der in sake-kolleezje komme, mei ûnôfhinklike wethâlders, mar dêr liket de gemeenteried neat foar te fielen. Yn It Polytburo prate Andries Bakker en Eric Ennema mei fraksjefoarsitter Karin van der Velde fan it CDA yn Smellingerlân. Sy hat ek wol it ien en oar op te merken op in rapport fan Baas.

Oan de ein fan it ynterview kin je wer sjen nei de "live"-cartoon fan Gerco van Beek.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle freeds in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(Advertinsje)