It Polytburo fan 27 maaie 2019 17:45

It sil foar de grutste partij fan Fryslân, it CDA, toch wol even apart west hawwe doe't se seagen dat de PvdA by de Europeeske ferkiezingen as grutte winner  út de bus kommen is, ek yn Fryslân. We lizze it foar oan de nûmmer twa fan it CDA yn ús provinsje, Sietske Poepjes. Fierder giet it oer de formaasje fan in nij kolleezje fan deputearre steaten -alle nammen binne bekend mar der is noch gjin programma. En hoe serieus is it stribjen om it Eurovisie Songfestival takom jier nei Fryslân ta te heljen? René Koster (kollega Andries Bakker hat fakânsje) en Eric Ennema prate mei Sietske Poepjes yn de lêste ôflevering fan It Polytburo foar de simmerstop.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)