It Polytburo fan 26 novimber 2018 17:45

It komt der mar leafst tritich jier te lizzen, it wurkeilân foar sânwinning yn de Iselmar. En it is ek net samar in wurkeilân, it is like heech as in flat fan sân ferdjippings. It ferset dertsjin is grut, der sil sprake wêze fan ljochtfersmoarging, lûdsoerlêst en de wiidsheid fan de Iselmar wurdt oantaast. Foarstanners wize op it ferlet dat der is fan sân, en sizze dat alle risiko's beheind binne. Boppedat krijt de gemeente De Fryske Marren ek nochris in flink bedrach as kompensaasje: 3,5 miljoen euro. Wietze de Haan (PvdA) is net oertsjûge. Hij is jûn te gast yn It Polytburo. Mar krijt hy woansdei -as der stimd wurdt- de rest fan de ried wol mei?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)