In grut tal lanlike listlûkers sil de kommende wiken oanskowe yn in ekstra lange edysje fan It Polytburo, it politike programma fan Omrop Fryslân.
Hjoed te gast yn It Polytburo Esther Ouwehand fan de Partij voor de Dieren
De Partij voor de Dieren is in lytse partij, mar wol ien dy't yn de peilingen flink oan it groeien is. Yn agraryske rûnten, ek yn Fryslân, wurdt mei wat betinken nei de Partij voor de Dieren sjoen. Kinne sy aanst noch wol boer wêze?
Andries Bakker en Eric Ennema fiele Esther Ouwehand oan 'e tosk. Fierder is der de fêste Fraach fan in Fryske politkus, en Gerco van Beek tekenet wer de cartoon.