It Polytburo fan 26 febrewaris 2018 18:45

Boargemaster Albert de Hoop fan It Amelân is jûn te gast yn It Polytburo. Mei him sille Andries Bakker en Eric Ennema it ha oer de problemen mei de fargeul. Ien tredde fan alle fearboaten nei it eilân fertrekt te let, ek al wurdt der seis dagen yn 'e wike baggere. En dy fertragingen kostje It Amelân jild. Mar wa moat dat oplosse? It Ryk hat dêr fansels in ferantwurdelikheid yn, mar dat jildt ek foar de gemeentelike polityk. Dy is lykwols earnstich ferdield, persoanlike fetes soargje der foar dat de seeën soms bysûnder heech gean yn it gemeentehûs. Hoe sjocht De Hoop werom op syn perioade op It Amelân, no't er per ien july syn boargemastershammer delleit?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)