It Polytburo fan 25 septimber 2017 18:45

Jelle Gerbrandy, riedslid fan de FNP yn Súdwest-Fryslân, is jûn te gast yn It Polytburo. Hy organisearret moarn in temajûn oer lânbou. De lânbou is in foar Fryslân noch altyd belangrike sektor, net allinnich ekonomysk mar ek as it om imago giet. It is net foar neat dat de boeren yn de hiele diskusje oer lânskipspine suver de skuld krije. Sy soargje der ommers foar dat Fryslân in griene laach gers-asfalt krigen hat! Wurdt de FNP yn de kommende riedsferkiezings de kampioen fan de boer? En is dat elektoraal wol sa handich?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)