It Polytburo fan 25 febrewaris 2019 17:45

It is de âldste politike partij fan Nederlân, mar yn Fryslân dogge se al fyftich jier net mear selsstannich mei oan provinsjale ferkiezingen: de SGP. No dogge se dochs wer in goai nei in plakje yn Provinsjale Steaten. Dan moat der al frijwat mear stimmen binnenhelle wurde as by de lêste Twadde Keamerferkiezingen, doe helle de SGP yn Fryslân sa'n 4000 stimmen, en dat binne twatûsen te min foar in provinsjale sit. Haaije de Jong is listlûker. Hoe wol hy dy stimmen lûke? En: wêr binne de froulju yn syn partij? Op de list mei 22 kandidaten stiet der gjin ien...

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)