It Polytburo fan 25 april 2017 18:45

Deputearre Johannes Kramer (FNP) is jûn te gast. Mei him prate Andries Bakker en Eric Ennema oer it nije provinsjale lânboubelied, dêr't op dit stuit de lêste hân oan lein wurdt. It giet goed mei de lânbou, mar it giet net goed mei de boer. Foaral melkfeehâlders sitte yn de hoeke dêr't de klappen falle. Wat wol Kramer dêr oan dwaan? En wat kin de provinsje eins, as je betinke dat de measte besluten naam wurde yn Brussel en Straatsburch?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)