It Polytburo fan 24 septimber 2018 17:45

Sander de Rouwe, listlûker foar it CDA foar de kommende provinsjale ferkiezings, is jûn te gast yn It Polytburo. Freed presintearre de partij it ferkiezingsprogramma, wêrmei't se ek de kommende fjouwer jier wer de grutste yn Fryslân wêze wolle. Mar wat hat it CDA de ôfrûne jierren foar Fryslân dien? En wat moatte we mei in gesinscoach en in âlderenambassadeur? Andries Bakker en Eric Ennema ynterviewe jûn Sander de Rouwe fan it CDA.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)