It Polytburo fan 24 jannewaris 2020 17:30

It wie in politike rel fan formaat: it opstappen fan wethâlder Stella van Gent (PvdA) yn Súdwest-Fryslân. Har kollega's seinen it fertrouwen yn har op, en yn novimber koe se har tas pakke. Fan 'e wike hat it offisjele ôfskied west, en no wol Van Gent foar it earst fertelle wat der krekt spile hat. Gie it om ynhâld, of wie in "onverenigbaarheid" fan karakters mei (guon) oare wethâlders de reden dat se fuort moast? En wol se echt de Twadde Keamer yn? Andries Bakker en Eric Ennema prate yn It Polytburo mei Stella van Gent, en oan de ein fan it programma is wer de "live"-cartoon fan Gerco van Beek te sjen.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle freeds in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(Advertinsje)