It Polytburo fan 24 jannewaris 2017 18:45

    Christa Oosterbaan is jûn te gast yn It Polytburo. Oosterbaan stiet as heechste Fries op it 20e plak op de list fan de PvdA foar de kommende Keamerferkiezings. Dat is net heech: de partij docht it al moannen striemin yn de peilings. As it Oosterbaan net slagget om yn de Twadde Keamer te kommen, dan hat Fryslân foar it earst yn lange tiid gjin folksfertsjintwurdiger yn Den Haach.
    Oer wat se berikke wol, oer de posysje fan har partij, en oer hoe't se de praktyske problemen fan har wenplak -Skylge- sjocht, deroer prate Andries Bakker en Eric Ennema jûn mei Christa Oosterbaan. De cartoon is fansels wer fan de hân fan Gerco van Beek.

    It Polytburo

    Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
    Presintaasje: 
    Andries Bakker & Eric Ennema
    (advertinsje)