It Polytburo fan 22 oktober 2018 17:45

De kâns dat Cambuur in nij stadion krijt, is no wol hiel lyts wurden. Underwiisynstelling ROC Friese Poort stapte freed út it projekt. De skoalle seit dat de gemeente Ljouwert tasein hat dat sij de hierkosten -yn ôfwachting fan it nije stadion- betelje soe. De gemeente ûntkent dat. De fraach is no wat de politike konsekwinsjes fan dit konflikt binne. Dêroer prate Andries Bakker en Eric Ennema jûn mei Harry Bevers, riedslid fan de grutste opposysjepartij yn Ljouwert, de VVD. 

Oan 'e ein fan de útstjûring wer de wyklikse "live"-cartoon fan Gerco van Beek.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)