It Polytburo fan 21 oktober 2019 17:35

Net ien koe him ûntrinne yn de media, de ôfrûne wiken: Johannes Kramer. De FNP-deputearre kaam prominint yn it nijs doe't er lulke boeren harren sin jûch troch syn hanteken ûnder it stikstof-beslút te heljen. Guon oare provinsjes folgen it Fryske foarbyld, mar it kaam Kramer ek op in soad krityk te stean: Kramer hie slappe knibbels! It spoeddebat yn de Steaten kaam er goed foar wei, en doe kaam it nijs dat er syn baan as deputearre ferruilet foar dy fan boargemaster yn Noardeast-Fryslân. Andries Bakker en Eric Ennema prate yn It Polytburo mei Johannes Kramer. Oan de ein fan it programma is wer de "live" cartoon fan Gerco van Beek te sjen

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)