It Polytburo fan 21 maart 2017 18:45

    Lutz Jacobi is te gast yn It Polytburo. Mei har prate Andries Bakker en Eric Ennema fansels oer it histoaryske ferlies fan har partij, de PvdA. By de Keamerferkiezingen gie de partij fan 38 nei 9 sitten. Wat is har analyze fan dit ferlies? Is der noch takomst foar de sosjaal-demokrasy yn ús lân? Of soe in fúzje mei GroenLinks de rêding wêze? En: hoe sjocht Lutz har kânsen as se aanst listlûker foar de PvdA foar de riedsferkiezingen yn Ljouwert wurdt?

    It Polytburo

    Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
    Presintaasje: 
    Andries Bakker & Eric Ennema
    (advertinsje)