It Polytburo fan 21 jannewaris 2019 17:45

Der binne yn ús lân sa'n heal miljoen arbeidsmigranten, faak bûtenlânske wurknimmers dy't in baan hawwe yn de soarch of yn de túnbou. De gemeente Waadhoeke wit der alles fan. Hoe biede je dy arbeidsmigranten in fetsoenlike wenromte? Hoe hâlde je draachflak ûnder de oarspronkelike befolking? It binne saken dêr't wethâlder Nel Haarsma (CDA) fan Waadhoeke op befrege wurdt troch Andries Bakker en Eric Ennema, yn It Polytburo. En hoe sit it mei dat húsfestingsplan dat sy op it alderlêste momint ynlûke moast?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)