It Polytburo fan 2 oktober 2020 17:15

Se wurdt nije wike noch ynstallearre as riedslid foar 50PLUS yn Ljouwert, mar makket dan daliks de oerstap nei de FNP, Irene van Breemen. De âlderenpartij ferdwynt dêrmei út de gemeenterie. Wêrom docht Van Breemen dit? En kin dit allegear wol? Irene van Breemen fertelt it yn dizze ôflevering fan It Polytburo.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle freeds in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(Advertinsje)