It Polytburo fan 2 oktober 2017 18:45

    Deputearre Klaas Kielstra (VVD) is jûn te gast yn It Polytburo. Mei him sille we it ûnder oaren ha oer it groeiende ferset tsjin wynmûnen en oer de mar hieltyd útbliuwende ferbreding fan de slûs by Koarnwertersân. En hoe hat Kielstra nei de gaos om it referindum yn Kataloanje sjoen? Wol hy ek ta op mear foech foar Fryslân?

    It Polytburo

    Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
    Presintaasje: 
    Andries Bakker & Eric Ennema
    (advertinsje)