It Polytburo fan 2 maaie 2017 18:45

Piet Adema is hjoed te gast yn It Polytburo. Ald-deputearre Adema is op 't heden foarsitter fan de ChristenUnie. Syn partij liket hieltyd mear út it sicht te reitsjen by de formaasje fan it nije kabinet. Ferline wike binne VVD, CDA, GL en D66 it iens wurden oer in klimaatparagraaf, en dêrmei is de earste hobbel yn it ta stân kommen fan de nije regearing nommen. Hoe sjocht Adema dat? Makket de ChristenUnie überhaupt kâns op regearingsdielname? En as dat sa is, sjocht Adema foar himsels dêr ek in rôl foar himsels?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)