It Polytburo fan 2 desimber 2019 17:30

Willem Verf wie jierrenlang it gesicht fan GrienLinks yn Fryslân, ûnder oaren  as fraksjefoarsitter yn Provinsjale Steaten. Mar is GrienLinks syn partij noch wol? Ferline wike kaam er mei krityk op de gong fan saken by de Steateferkiezingen, mar ek de lanlike koers ûnder Jesse Klaver is Verf mar min nei 't sin. Wat is der mis, en wat moat der oars? Eric Ennema en René Koster (dy't Andries Bakker hjoed ferfangt) prate mei Willem Verf. Oan de ein fan it programma is fansels wer de "live" cartoon fan Gerco van Beek te sjen.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle freeds in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)