It Polytburo fan 2 april 2018 18:15

In jier en in moanne is Arno Brok no kommissaris fan de Kening yn Fryslân. As ferlerne soan waard er binnenhelle, en foar himsels wie it ek de haadpriis, dizze bestjoersfunksje yn it Fryslân dêr't Brok sa fan hâldt. Ek al soe er gjin kommissaris mear wêze, Fryslân wol er noait mear wei, sa fertelt er yn It Polytburo. Andries Bakker en Eric Ennema prate mei Brok fierder oer de achterbliuwende ekonomy yn ús provinsje ("yn it lobbyen binne wy Friezen te skruten"), oer it tekoart by de ferbou fan de Blokhúspoarte ("de provinsje betellet neat mear by") en oer syn eigen wize fan operearjen ("ik bin in klassike bestjoerder").

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)