It Polytburo fan 19 maart 2018 18:45

Kommende woansdei kin der wer stimd wurde. Yn Fryslân giet it om 14 gemeenten dy't har útsprekke oer de gemeenterieden, mar elkenien kin dan ek syn/har stim útbringe yn it referindum. It giet om de nije wet op de Inlichtingen- en Veiligheidsdiensten. Us gast jûn yn It Polytburo, keamerlid Harry van der Molen fan it CDA, is foar de sleepwet. Mar werom? Der is nochal wat tsjinyn te bringen: sa soe de wet ûnfoldwaande garandearje dat de ynformaasje dy't de feiligenstsjinsten garje ek echt goed brûkt wurdt. It is ek derom dat de Raad van State tsjin de nije wet is -en sy net allinnich. Nut en needsaak fan it referindum dus, jûn yn It Polytburo, mei Andries Bakker en Eric Ennema.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)