Age Hartsuiker (1957) is gjin ûnbekende yn de gemeentepolityk fan It Hearrenfean. Hy wie riedslid en wethâlder, oant er dy posysje yn 2013 kwytrekke nei't er in fertroulike mail lekt hie. No is Hartsuiker dwaande mei in politike comeback: mei syn nije partij Heerenveen Lokaal docht er yn maart mei oan de ferkiezingen. Mar werom wol de Jobbegeaster it eins wer besykje? En wat hat Hartsuiker noch mei Pim Fortuyn?