It Polytburo fan 18 septimber 2017 18:45

    Miljarden euro's gean de kommende tiid nei de ferpleechhuzen, definsje en it ûnderwiis, mar foar help en soarch oan kwetsbere groepen is neat mear oer. Sterker noch: de besunigingen op it saneamde sosjaal domein en de bijstân soargje foar grutte problemen by gemeenten. En om't der noch altyd gjin kabinet is, is der ek gjin finansjeel fangnet. Ljouwert hat syn nocht: de lêste tsien miljoen oan besunigingen gean net troch. Dat hat wol gefolgen, sa kin bygelyks it beweechber meitsjen fan de Prins Hendrikbrêge mooglik net mear trochgean. Wethâlder Andries Ekhart leit jûn yn It Polytburo út wêrom't dizze kar makke is. En hoe nidich is er op syn eigen PvdA, dy't al dizze besunigingen mei betocht hat?

    It Polytburo

    Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
    Presintaasje: 
    Andries Bakker & Eric Ennema
    (advertinsje)