It werombringen fan de maksimumsnelheid fan 130 nei 100 is net allinnich in "rotmaatregel", it helpt ek nochris net. Dat seit VVD-steatelid Durk Pool. Hy is it dêrmei falikant ûniens mei syn partijlieder Mark Rutte. En as de maksimumsnelheid ek op de provinsjale diken werombrocht wurdt, hat dan de Lelylijn mear kâns fan slagjen? Pool krewearret al skoften foar dy treinferbining. Andries Bakker en Eric Ennema prate yn It Polytburo mei Durk Pool, en oan de ein fan it programma is wer de "live" cartoon fan Gerco van Beek te sjen.
Wy stean by in 100 km/oere-gebiet. Dan witte jim wol wêr't we it oer ha sille yn @ItPolytburo. 😉 Jûn mei VVD'er @DurkPool. #Sjen #Kijken ▶️ https://t.co/65h0OwzM5H pic.twitter.com/Nm1PpIka5A
— Omrop Fryslân (@OmropFryslan) November 18, 2019